Gjin petear minister-rjochters

18 des 2012 - 15:38

Minister Opstelten fan feilichheid en justysje (VVD) sil foarearst net yn petear gean mei rjochters fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. De minister reagearre tiisdeitemiddei yn de Twadde Keamer op in manifest fan de hegere rjochters yn Fryslân. Dy fine dat se har wurk net mear goed dwaan kinne. Neffens de rjochters moatte se tefolle saken yn koarte tiid ôfhannelje wêrtroch't de kwaliteit fan de rjochtspraak yn it geding komt. D66-keamerlid Schouwen frege de minister om mei de rjochters yn petear te gean.

Opstelten fynt lykwols dat de rjochters yn petear gean moatte mei de Raad voor de Rechtspraak. Dy ried is ferantwurdlik foar de organisaasje fan de rjochtspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)