Desimber goed foar winkellju

18 des 2012 - 12:23

Desimber kin foar in soad winkellju it jier noch goedmeitsje. Dat ferwachtet fêstigingslieder Margriet Bouma fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert, op grûn fan de jongste sifers fan brânsjorganisaasje Detailhandel Nederland. De organisaasje hâldt rekken mei in ekstra omset fan 790 miljoen euro, 10 miljoen mear as ferline jier. Neffens Bouma fan de Keamer fan Keaphannel komme de goeie ferwachtings oerien mei de meast resinte konjuktuer-enkête yn it Noarden.

Dêrút die al bliken dat de Fryske detailhannel ek frij optimistysk is oer desimber fan dit jier en jannewaris takom jier.

Trefwurden: 
winkellju desimber
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)