Prate oer basisûnderwiis

Gemeente Eaststellingwerf © Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf hâldt yn jannewaris fjouwer byienkomsten oer de takomst fan it basisûnderwiis. Troch fergrizing hat it ûnderwiis yn Eaststellingwerf te krijen mei in weromrinnend tal learlingen. It is de bedoeling dat ynwenners meiprate oer de takomst fan de skoallen. Der binne byienkomsten yn Makkingea, Easterwâlde, Waskemar en Appelskea. De ideeën dy't dêr ynbrocht wurde, brûkt de gemeente by it opstellen fan de Takomstfisy Basisûnderwiis.
Dy wurdt makke yn gearwurking mei de skoalbestjoeren fan Comperio, NoorderBasis en De Tjongerwerven.