'Opsporing' bringt kaai teplak

De webside fan Opsporing Verzocht
Troch in oprop yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht wit de plysje wêr't de kaai weikomt dy't earder oantroffen wie by in 44-jierrige fertochte fan oplichting. De ynternasjonale oplichter út it suden fan it lân hat foar tsientûzenen euro's tsientallen minsken oplicht. Ek 20 Friezen wiene syn slachtoffer. De kaai dy't fûn waard by de fertochte, heart by in pensjon yn Dútslân. Ek de pensjonhâlder is ien fan de beneidielden fan de fertochte.