Rjochters komme yn aksje

18 des 2012 - 07:14

Hûnderten rjochters út hiel Nederlân stypje de oprop fan sân kollega's fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. Dy hawwe in manifest opsteld tsjin de útholling fan de rjochtspraak en de wize wêrop't de Raad voor de Rechtspraak har fertsjinwurdiget. Dat skriuwt de Volkskrant tiisdei.

40 fan de 60 magistraten yn Ljouwert hawwe it manifest ûndertekene. Sy fine dat de rjochtspraak hieltyd mear liket op in koekjesfabryk, wêryn't produksjesifers en minuteprizen liedend binne. It is foar it earst dat rjochters iepenlik aksje fiere.

Trefwurden: 
aksje gerjochtshôf manifest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)