Frits Rijpma bêste riedslid

Gemeente Ljouwert
Gemeenteriedslid Frits Rijpma fan de ChristenUnie is moandeitejûn útroppen ta riedslid fan it jier yn de gemeente Ljouwert. De sjuery priizge syn tagonklikens, entûsjasme en trochsettingsfermogen. Rijpma hat him benammen ûnderskieden troch de tiid en enerzjy dy't hy stekt yn de oanpak fan de misstannen yn de prostitúsje op en om de Weaze.
De sjuery bestie út twa sjoernalisten en de polityk kommentator fan de riedsgearkomsten. Sy seagen nei hoe goed de riedsleden sprekke en harkje kinne, nei dossierkennis en effektiviteit.
De ferkiezing waard dit jier foar de twadde kear hâlden. Ferline jier wie Jeffry Brakenhorf de winner.