Ambulânsepersoniel yn aksje

Meiwurkers fan de ambulânsetsjinst komme tiisdei yn aksje foar bettere arbeidsomstannichheden. Se fine de wurkdruk te heech mei as gefolch dat de kwaliteit fan de helpferliening ûnder druk komt te stean. Omdat se har grutte soargen meitsje oer de kwaliteit biede se ûnder oare by it haadkantoar fan UMCG ambulânsesoarch yn Tynaarlo in petysje oan by de direksje. De ambulânsemeiwurkers roppe op de wurkomstannichheden gau te ferbetterjen.
Sa moat der wat dien wurde oan de hege wurkdruk en moat ophâlden wurde mei it eksperimint om ambulânsemeiwurkers allinnich op in motor op paad te stjoeren.