Jong H'fean winterkampioen
Jong Hearrenfean hat de lêste wedstriid foar de winterstop poerbêst ôfsletten troch mei 3-0 fan Jong Ajax te winnen. De ploech fan trainer Jan de Jonge kaam yn Amsterdam mei in moaie oanfal al nei trije mionuten op foarsprong troch Luciano Slagveer. Utblinker Hakim Ziyech makke yn de 35e minút de twadde Feanster goal. Oussama Tannane skeat yn de 83e minút in frije traap fan goed 20 meter yn de Ajax goal. Jong Hearrenfean giet mei 19 punten út 8 wedstriden as winterkampioen 2013 yn.