Personiel Spaansen is akkoart

It personiel fan de Spaansen Groep is akkoart mei it sosjaal plan. By it bedriuw ferdwine 69 banen. De helte dêrfan by de festiging yn Harns. Ofpraat is dat de wurknimmers in ûntslachfergoeding krije foar de jierren dat se by it bedriuw wurke ha. Earder wie dat ien kear in bedrach fan 2400 euro. Ek komt der jild foar it begelieden fan de minsken nei oar wurk.
De fakbûnen trune by de gemeente Harns oan op it fluch útbeteljen fan de 2 miljoen euro dat it bedriuw noch krijt foar de ferkeap fan grûn oan de Kanaalwei yn Harns.
De gemeente Harns hat it noch net útbetelle omdat ôfpraat wie dat it ynvestearre wurde moast yn wurkgelegenheid.