Twizeler moardfertochte frij

17 des 2012 - 14:55

De man (35) út Twizel, dy't oppakt wie fanwege de moard op Jan Elzinga út Mearum, is wer frijlitten. Dat meldt RTV Noord. It giet om de broer fan de freondinne fan it slachtoffer. Dy freondinne is sels ek frijlitten. Beide waarden ferline wike oppakt, neidat in fertochte ferklearre hie dat de freondinne de opdrachtjouwer foar de moard wêze soe.

Jan Elzinga waard yn july deasketten by it swimbad fan Mearum, hy wurke yn Drachten. Neffens RTV Noord komt justysje noch mei in ferklearring wêrom't de freondinne en har broer frijlitten binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)