Meiwurkers Bouman op strjitte

Bouman Reclame yn Ljouwert © Google Streetview
Al it personiel fan Bouman Reclame út Ljouwert kin op syk nei in nije baan. It bedriuw is earder dit jier oernaam troch Lautenbag Reklame, ek út Ljouwert. Nei de oername wie der noch hope foar trije fan 'e sân man personiel. No hat Lautenbag Reklame der dochs foar keazen om sûnder de meiwurkers fan Bouman fierder te gean.
De namme Bouman Reclame bliuwt bestean. It bedriuw bestiet al sûnt 1946 en makke reklame foar ûnder oare Niemeijer Tabak, Brinta en Batavus.