Bylsma yn steaten foar V.d.Mei

17 des 2012 - 13:58

Auke Bijlsma fan Terherne wurdt mei yngong fan 23 jannewaris steatelid foar de FNP. De 60-jierrige Bijlsma nimt de sit oer fan Anna Martha van der Mei, dy't der om persoanlike redenen mei ophâldt. Van der Mei hie hieltiten mear muoite mei de lange steategearkomsten op woansdei, wylst de bern dan frij binne fan skoalle, sa lit se wite.

Foar Bijlsma binne de steaten net nij. Tusken 2006 en 2011 siet er der ek al in pear kear in skoft yn. Earder wie Bijlsma ek wethâlder en riedslid foar de gemeente Boarnsterhim.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)