Vaartjes: bêste foargerjocht

17 des 2012 - 12:38
  • Beharkje ús reportaazje

Yn SBS-programma Menu van Oranje makke sjefkok Geert-Jan Vaartjes sneintejûn it bêste foargerjocht. De iel mei reade byt en kofje wie makke foar kroanprins Willem-Alexander en Prinsesse Maxima.

Willem-Alexander en Maxima hawwe letter ek by de sjefkok fan Lauswolt yn 'e keuken west. Sy wiene bot ûnder de yndruk fan 'e streekprodukten dy't Vaartjes brûkt.

(advertinsje)