Minder drankriders yn ferkear

17 des 2012 - 12:32

Hieltyd minder automobilisten wurde mei drank op achter it stjoer pakt. Tsien jier lyn oerkaam dat noch 4,1 %. Ferline jier wie dat 2,4 %, hast de helte minder. Fryslân skoart sels better as it lanlike gemiddelde: hjir wurdt 1,8 % pakt foar it riden mei drank op.

Durk Anema fan de Fryske ferkearsplysje fynt de sifers wat al te posityf. Hy seit dat de plysje by de kontrôles dy't holden wurde, krekt mear drankriders tsjinkomt. It probleem is neffens him noch net oplost, ek al is de trend posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)