'LTO:Ljocht út yn melkfeestâl'

17 des 2012 - 12:13

It moat nachts folle tsjusterder wurde op it Fryske plattelân. Om te begjinnen soe derom it ljocht út moatte yn de melkfeestâl. Boere-organisaasje LTO Noord, de provinsje en de miljeufederaasje komme dêrom mei in foarljochtingskampanje. Dy soe de boeren oerhelje moatte om it ljocht yn de stâl te dimmen of sels út de dwaan.

De grutte ljochtoazen dy't melkfeestâlen nachts faak binne soargje hieltiid faker foar klachten en neffens LTO is it no oan de sektor sels om te sjen oft dat ek oars kin.

Bygelyks troch skermen te pleatsen of in oar soart ferljochting te brûken. LTO tinkt dat it ljocht yn guon gefallen ek wol gewoan út kin. De provinsjes Fryslân, Grinslân, LTO en tal fan oare partijen stekke mei-inoar goed 100.000 euro yn it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)