Frjentsjerter plysjeburo iepen
Fan 2 jannewaris ôf kinne ynwenners fan Frjentsjer wer teplak op it eigen plysjeburo. Fan moandei oant en mei woansdei giet it loket iepen. Tusken 9 en 17 oere kin der dan bygelyks oanjefte dien wurde. De plysje yn Frjentsjer hat takommend jier genôch aginten om it buro wer iepen te dwaan.
Plysjewurdfierder Wouter de Vries seit dat ik ek past by it doel fan 'e plysje om tichter by de boarger te stean.