Omrop-petysje: 3000 hantekens
De on-line petysje 'Romte foar Omrop Fryslân' is yn oerdel dei tiid al troch mear as 3.000 minsken ûndertekene. De on-line petysje is in inisjatyf fan FNP, Freonen fan Omrop Fryslân en Ried fan de Fryske Beweging. De petysje is in protest tsjin it plan fan steatssiktaris Sander Dekker om Omrop Fryslân mei alle oare regionale omroppen te yntegrearjen by de lanlike omrop en der tagelyk foars op te besunigjen.
De on-line petysje wurdt ek stipe troch CDA, Gemeentebelangen Fryslân en de PvdA.
De stipe fan de Partij van de Arbeid is opmerklik, want ferline wike moandei stipe PvdA-Twadde Keamerlid Martijn van Dam de plannen fan steatssiktaris Dekker.