Man oppakt foar mishanneling

Geweld © Omrop Fryslân
In Ljouwerter (25) is sneintejûn oppakt foar swiere mishanneling. De man hie spul mei syn frou (40) en hie har dêrby skopt. De dochter belle in ambulânse. It slachtoffer waard ûndersocht troch it ambulânsepersoniel. Se hoegde net nei it sikehûs.
De plysje koe de fertochte oanhâlde. Hy is fêstset op it plysjeburo. Tsjin de man is it protokol húslik geweld opstart.