Fytsalvestêdetocht al fol

De ynskriuwing foar de fytsalvestêdetocht fan pinkstermoandei takom jier is moandeitemoarn sletten, omdat it maksimum tal dielnimmers berikt is. Oant sneon koene minsken dy't de tocht fiif kear of faker riden hawwe, gebrûk meitsje fan in foarynskriuwing. Dêrnei koene oare fytsfanaten har ynskriuwe.
Dy kaarten wiene binnen twa dagen fuort. Der kinne 15.000 minsken oan de fytsalvestêdetocht meidwaan.