Nominaasjes prizen Dantumadiel
Dantumadiel hat sporters en minsken út de kultuerwrâld nominearre foar de sport- en kultuerprizen. It is foar it earst dat de gemeente dizze prizen útrikke sil. Yn de kategory sportman fan it jier binne Dennis Veenker, Oane Kooistra en Jacob de Roos nominearre. Foar de sportploech fan it jier giet it om de frouljusfuotbalploech VIOD, it Acro Frouljus Duo fan gymnastykferiening Feanwâlden en it G-fuotbalteam Broeksterwâld.
Foar de kultuerpriis binne it Badhûs yn De Westereen nominearre, de band Newsense Memory en museum De Sûkerei.
De nominearren hawwe allegearre in bysûndere prestaasje levere of in wichtige bydrage levere oan de sport of kultuer. De winners wurde bekend makke op de nijjiersresepsje fan de gemeente Dantumadiel. Dy is op 2 jannewaris.