Wedstriid stillein fanwege wek

17 des 2012 - 07:43

De iishockeywedstriid tusken de Friesland Flyers en Amsterdam is sneintejûn stillein fanwege in wek yn it iis fan de Jaap Edenbaan. Op dat stuit wie de wedstriid in dik healoere oan de gong. De Friesland Flyers stiene doe mei 2-0 foar.

It is noch net dúdlik of de wedstryd opnij spile wurdt of dat de stân fan 2-0 yn it foardiel fan de Friesland Flyers ek de einstân wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)