Gjin tredde thúswinst LDODK

16 des 2012 - 18:10

De kuorballers fan LDODK/AH De Gordyk ha snein yn eigen hal mei 24-29 ferlern fan Fortuna. LDODK sette dreech útein, mar kaam nei in 1-4 efterstân knap werom oant 6-7. Yn in geweldige slotsprint naam de thúsploech by in stân fan 13-13 brutaal de lieding oer fan de gasten út Delft. By rêst stie der in tuskenstân fan 17-16 op it boerd.

Nei it skoft holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. By in stân fan 21-25 moast LDODK de oansluting lykwols gean litte. De rûtine fan Fortuna die de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool úteinlik de das om.

Nei twa kear winst yn eigen hal, dus gjin tredde thúsoerwinning foar LDODK. Mei 5 punten út 6 wedstriden stiet de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool op it fyfde plak.
Haadklasser Mid-Fryslân gong yn Alphen aan den Rijn mei 29-17 ûnderút tsjin de nûmer 2 Tempo. Mei 4 punten út 6 wedstriden stiet ek Mid-Fryslân op in fyfde plak.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK kuorballeague
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)