Utrecht te sterk foar H'fean

SC Hearrenfean hat snein mei 3-1 ferlern fan FC Utrecht. Yn De Galgenwaard foelen alle doelpunten yn de twadde helte. De thúsploech kaam troch twa treffers fan Leon de Kogel op 2-0 foarsprong. Fan 11 meter tekene Alfred Finnbogason fuort dêrnei foar de oanslutingstreffer, wêrtroch de spanning werom yn de wedstriid kaam.
Mei noch in kertier te gean gong de ploech fan Marco van Basten op syk nei de lykmakker. De einsprint kaam lykwols te let foar de Feansters. Yn de slotminuten wie it Jacob Mulenga dy't de wedstriid yn it slot smiet.
Nettsjinsteande it ferlies bliuwt SC Hearrenfean op it 13e plak stean yn de earedivyzje.