Stellen frachtauto gau werom

16 des 2012 - 12:28

Troch in tûke frachtautosjauffeur is in stellen frachtauto sneon gau wer werombrocht nei de eigener út De Jouwer. In frachtautosjauffeur en syn byrider seagen op de A6 in frachtwein fan itselde bedriuw en sochten kontakt mei in 27MC-bakje.

De oare bestjoerder reagearre net. De sjauffeur en syn kollega fertrouden it net en bellen de baas. Dy sei dat der oars net ien oan it wurk wie en dat de frachtwein stellen wie. Dêrop waard de plysje belle. Dy koe de stellen frachtwein by de Ketelbrêge oan kant sette. De sjauffeur (30) waard oanhâlden.

Trefwurden: 
plysje frachtwein stellen A6
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)