Hûnderten hantekens foar Omrop

De aksjesite 'Romte foar Omrop Fryslân'
De ynternetpetysje om Omrop Fryslân oerein te hâlden is yn in heale dei al mear as 600 kear tekene. De webside gie sneontejûn yn de loft. It giet om in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân.
Mei de petysje wolle beide organisaasjes oanjaan dat se it net iens binne mei de plannen fan it regear. Steatssiktaris Dekker wol dat de regionale omroppen opgeane yn de lanlike publike omrop. Boppedat wurdt der 25 miljoen euro besunige op de 13 regionale Omroppen.
As dy plannen trochgean soe Omrop Fryslân in soad programma's skrasse moatte.