Man yn skonk stutsen

De plysje docht ûndersyk nei de stekpartij © Kappers Media, Anton Kappers
In 44-jierrige man út Ljouwert is sneontemiddei delstutsen troch in 48-jierrige plakgenoat. Dat wie yn de Reigerstrjitte yn Ljouwert. De plysje waard ynskeakele troch in tsjûge, dy't sjoen hie dat it slachtoffer mishannele waard. Doe't de plysje te plak kaam, fûnen se it slachtoffer yn in portyk, hy wie yn syn skonk stutsen.
De plysje koe koart dêrnei de fertochte oanhâlde. It slachtoffer moast nei it sikehûs.