Negerman 5de op It Amelân

15 des 2012 - 16:54

De njoggende edysje fan de Adventurerun op It Amelân is sneon wûn troch Ivan Kamminga út Nieuwe Pekela. Hy lei de heale maraton ôf yn 1 oere, 10 minuten en 42 tellen. In knappe tiid, want mar 40 tellen stadiger as it parkoersrekôr. Dat rekôr stiet noch hieltiten op namme fan Erik Negerman. De âld-Boalserter wie net hielendal fit. Hy waard op It Amelân fyfde.

De fluchste frou wie Yvonne Kassenberg fan Ljouwert. Sy lei it parkoers ôf yn 1.24.01. De Adventurerun is it grutste evenemint fan It Amelân.

Der wiene dit jier sa'n 3600 dielnimmers. Neffens in soad fan harren is de Adventurerun swierder as de Beareloop op Skylge. Dat komt omdat mar leafst seis kilometer oer it strân draafd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)