Noordgat wol bultrêch rêde

15 des 2012 - 16:03

Rederij Noordgat fan Skylge hie graach besocht om de bultrêch walfisk Johannes by Teksel te rêden. Mar der waard gjin priis opsteld troch de autoriteiten, sa lit Arjen de Boer fan Noordgat witte. De rederij krige freed sels in proses-ferbaal, omdat se te ticht yn de buert wiene.

Noordgat hie graach it sân om de bultrêch hinne fuort blaze wollen, sadat der in geul ûntstie foar de fisk. Rederij Noordgat hat al ris earder twa potfisken mei sukses nei djipper wetter brocht. De eutanasy op de bultrêge Johannas is freed mislearre.

Der komt mear ferset tsjin de wurkwize fan it ferantwurdlik ministearje. Om fjouwer oere jout de boargemaster fan Teksel in parsekonferinsje oer de gong fan saken yn ferbân mei de bultrêch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)