Fûle brân yn flat Drachten

15 des 2012 - 14:41

Yn Drachten hat sneontemiddei in koarte, mar fûle brân west yn in flat oan de Nachtegaalstrjitte. De brân wie op tredde ferdjipping en dat is tagelyk ek de boppeste etaazje fan de flat.

Ferskate blusgroepen fan it brânwachtkorps fan Drachten waarden ynskeakele. It is noch net bekend oft der ek minsken by de brân ferwûne rekke binne.

(advertinsje)