Fan Fryske Grûn presintearre

15 des 2012 - 12:26
  • Beharkje ús reportaazje

It meast folsleine boek oer Fryske streekprodukten, resepten en ytkultuer is freed presintearre op Hegeskoalle Stenden yn Ljouwert. Kommissaris Jorritsma mocht it earste eksimplear fan 'Fan Fryske Grûn' oannimme. Oanlieding foar it 276 siden tsjokke boek is de rige artikels oer streekprodukten yn de Friesland Post.

It boek is yndield yn de fjouwer seizoenen en der wurdt wat ferteld oer de produkten, de leveransier en hokker gerjochten je der fan meitsje kinne.

(advertinsje)