Wettertank foar brânwacht SWF

15 des 2012 - 11:56

De brânwacht fan Súdwest-Fryslân sit net mear ferlegen om wetter yn it bûtengebiet troch it keapjen fan nij materieel wêrunder in grutte wettertank. Sneon waard de nije tank, in tankautospuit foar Boalsert, in motorspuitoanhinger foar Snits en in nije boat foar Koudum offisjeel oerdroegen op de brânwachtkazerne fan Boalsert.

It giet om in ynvestearring fan 400.000 euro. Foaral yn it bûtengebiet sit de brânwacht geregeld mei it probleem dat it bluswetter fan fier komme moat. Dat probleem is no as it goed is foarby.

De bedoeling is dat de brânwacht troch dit nije materieel en oar noch oan te skaffen guod aanst alles by de hân hat yn in straal fan 500 meter om in brân hinne. De nije brânwachtboat foar Koudum is in ferbettering omdat dizze in stik stabiler en feiliger is as de foarige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)