Nasjonale plysje yn Grins

15 des 2012 - 08:48

De haadlokaasje fan de nasjonale plysje yn it Noarden komt definityf yn Grins. Dat hat minister Opstelten freedtejûn de Twadde Keamer witte litten. Mei-inoar hat de minister tsien plakken yn Nederlân bekend makke. Op de nije lokaasjes komme foaral staffunksjes en stypjende tsjinsten. Fierder komme der acht meldkeamers. Ien dêrfan stiet yn Drachten.

Dy meldkeamer is al in skoftsje yn wurking. It Iepenbier Ministearje krijt ek tsien haadlokaasjes yn it lân. Yn it Noarden is dat Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)