SC Cambuur wint wetterballet

14 des 2012 - 22:55

Op in dweiltrochwiet fjild hat Sportklup Cambuur mei 3-2 wûn fan Excelsior. De omstannichheden yn it Cambuurstadion makken goed fuotbal sa goed as ûnmooglik. Sa makke Excelsior-oanfaller Elvis Manu 0-1 neidat Wout Droste de bal net út de drek weisjitte koe. Krekt foar it skoft makke Mohamed El Makrini (fan rjochting feroare skot) 1-1.

Oebele Schokker makke de 2-1 neidat ek by Excelsior de bal op it wiete fjild hingjen bleau. Excelsior kaam fia Janga op 2-2 mar in pear minuten letter bepaalde Erik Bakker út in strafskop de einstân op 3-2.

By Cambuur siet trainer Alfons Arts troch sykte net op de bank. Assistint-trainer Henk de Jong ferfong him as haadtrainer. Troch de oerwinning klimt Cambuur nei it fjirde plak. Tiisdei spylje de Ljouwerters foar de beker tsjin Den Bosch en nije wike freed is de lêste wedstriid foar de winterstop tsjin Volendam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)