Plannen Ofslútdyk oanbestege

14 des 2012 - 19:38

It bedriuw Witteveen+Bos út Deventer mei fan Rykswettersteat de kommende fjouwer jier de plannen útwurkje om de Ofslútdyk te fersterkjen. It bedriuw, dat ek in fêstiging hat op It Hearrenfean, hie ekonomysk de meast geunstige ynskriuwing mei in sterke klam op kwaliteit.

Oer fjouwer jier sil útmakke wurde hokker bedriuw it wurk sels útfiere mei. By toetsing yn 2006 die bliken dat der ferbetteringen nedich binne om it achterlân ek op langere termyn feilich te hâlden.

De Ofslútdyk beskermet sûnt 1932 grutte parten fan Nederlân tsjin oerstreamings.

Trefwurden: 
Ofslútdyk Witteveen+Bos
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)