Krúske offisjele ûnderskieding

14 des 2012 - 18:14

It alvestêdekrúske wurdt in offisjele ûnderskieding. Dat is freedtejûn bekend makke by de jierlikse ledegearkomste fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden yn De Harmonie. Dat betsjut dat der in lintsje oan it krúske komt te hingjen.

Op dit stuit binne der yn Nederlân fjouwer eveneminten wêrby't de offisjele ûnderskieding útrikt wurdt. Dat is ûnder oaren it gefal by de Vierdaagse fan Nijmegen. By it krúske sil ek in oarkonde en in knoopsgatynsynje útrikt wurde. De ynsynje kin dan by offisjele gelegenheden droegen wurde.

Minsken dy't de tocht earder riden hawwe, kinne it lintsje en de ynsynje oanskaffe. De belangstelling foar de ledegearkomste wie sa grut dat der net foar elkenien plak wie om te sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)