Thúshelp moat ZZP'er wurde

14 des 2012 - 17:27

Fan mear as de helte fan de meiwurkers fan soarchynstelling De Friese Wouden wurdt it kontrakt net ferlingd. Fan de 2200 meiwurkers kinne 1150 takom jier as ZZP'er by deselde organisaasje oan de slach. Se sitte yn harren tredde kontraktjier en by in fjirde moatte de wurknimmers fêst oannaam wurde.

It regear hat ein oktober besletten it budzjet foar húshâldlike help yn 2015 te ferminderjen nei in fjirde fan wat it no is. Mei dat jild kin De Friese Wouden de meiwurkers net yn fêste tsjinst nimme.

Trefwurden: 
ZZP'er thúshelp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)