Ketlik krijt houtwâlen werom

14 des 2012 - 17:14

Yn Ketlik is in begjin makke mei it werstellen fan trije kilometer houtwâlen en elzesingels. Dat wurdt betelle troch it Lânskipsfûns Oranjewâld-Ketlik. Dat hat by it bedriuwslibben mei-inoar 40.000 euro ynsammele. Dat bedrach wurdt troch de provinsje en de gemeente Hearrenfean ferhege mei nochris 240.000 euro.

Minsken dy't in houtwâl weromplantsje wolle, kinne dat fergees dwaan. De kosten fan ûnderhâld binne foar rekken fan it lânskipsfûns. Dêrfoar wurdt in kontrakt opsteld mei de eigeners.

De provinsje is wiis mei it initsjatyf. Om't it ryk hieltyd minder jild foar natuerbehear oer hat, is it goed dat partikulieren de finansiering foar in part oernimme.

Trefwurden: 
Ketlik Elzesingels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)