Klacht oer strjitferljochting

14 des 2012 - 16:58

De SP Ljouwert hat 250 meldings út de wyk Cammingabuorren krige fan minsken dy't lilk binne, omdat in soad strjitlampen fuorthelle binne. De gemeente hellet yn totaal tûzen lampepeallen yn de hiele stêd fuort. It is better foar it miljeu en foar de sosjale feiligens dat minsken by tsjuster allinnich mar haadrûtes del gean. Dêrom binne lampen by kuierpaden en guon fytspaden fuorthelle.

De SP hat de klachten oer de mail krige en de partij hat ek by de doarren del west. Takom wike sille se dat nochris dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)