Crone bliuwt boargemaster

14 des 2012 - 15:10

Ferd Crone bliuwt boargemaster fan Ljouwert. Op ferskate sosjale media waard tongersdei melden dat Crone de opfolger wurde soe fan partijgenoat Co Verdaas. Dy stapte okkerdeis op as steatssekretaris fan Ekonomyske Saken.

Crone hat jierrenlang foar de PvdA yn de Twadde Keamer stten. Hy lit no witte yn Ljouwert te bliuwen. Oft er frege is, wol er net sizze. Crone is fiif jier boargemaster yn de Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
Ferd Crone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)