Pearse Freed tsjin homofoby

14 des 2012 - 13:11

De lanlike aksjedei tsjin homofoby Pearse Freed kriget ek yn Fryslân omtinken. Sa docht middelbere skoalle Singelland yn Drachten ek mei. Dêr waarden pearse lintsjes útdield oan learlingen. De dei is dit jier foar it tredde jier achterinoar troch jongerein fan it COC en fan de Gay Straight Alliance organisearre.

Ut ûndersyk blykt dat de helte fan de middelbereskoalbern tinkt dat it ûnmooglik is om derfoar út te kommen homoseksueel te wêzen. Pearse Freed moat helpe by de akseptaasje fan homoseksualiteit op skoallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)