Tafersjoch op bertesoarch

De bertesoarch yn Noardeast-Fryslân sil de kommende jierren skerp yn de gaten hâlden wurde. Dat hat minister Schippers fan folkssûnens tasein yn de Twadde Keamer. De bertesoarch yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum giet moandei ticht. Minsken moatte dan langer ride om holpen te wurden yn Ljouwert of Drachten. Yn it gebiet binne se benaud dat de bertesoarch dan yn de knipe komt.
De minister seit mei alle partijen ôfspraken makke te hawwen foar in goede bertesoarch yn it gebiet. De provinsje is bliid mei de tasizzing fan 'e minister.