Trochrider pakt yn Ljouwert

Bleeklaan Ljouwert
De plysje hat in autobestjoerder opspoard dy't trochriden wie nei in oanriding. Op de rotonde tusken de Bleekleane en it Fliet yn Ljouwert waard in 39-jierrige frou yn har auto fan achteren oanriden troch in oare wein. De bestjoerder dêrfan ried troch, mar koe achterhelle wurde, om't de frou it kenteken opskreaun hie.
De man joech as ferklearring dat er gjin rydbewiis hie. De plysje makket proses-ferbaal op.