Hear fan Hearrenfean ferstoarn

14 des 2012 - 11:19

Jan van Sytzama fan SC Hearrenfean is yn 'e âldens fan 89 jier ferstoarn. Hy wie tsientallen jierren belutsen by de klup as parsesjef en oprjochter fan Aktie '67. Dy stichting rêde Hearrenfean yn 1967 mei in ynsammelsaksje fan de ûndergong.

Foar syn ynspannings foar de klup krige Van Sytzama de titel Hear fan Heerenveen. Dy earetitel is mar foar in lytse groep minsken weilein.

Trefwurden: 
Jan van Sytzama
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)