Plysje warskôget foar glêdens

14 des 2012 - 07:25
  • Athony Hogeveen fan de plysje

De plysje warskôget derfoar dat it glêd is op de sneldyk A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert. Der binne op de A32 ferskate auto fan de dyk rekke. It is de plysje noch net bekend oft dêr ek minsken by ferwûne rekke binne.

It advys is om stadich te riden. Minsken dy't op de dyk ride sprekke fan "ien grutte puinhoop". In frachtweinsjauffeur hat it oer tsientallen auto's dy't fan de dyk rekke binne.

Trefwurden: 
plysje glêdens warskôging
(advertinsje)