Nij Thialf kin goedkeaper

13 des 2012 - 17:00

De enerzjykosten fan Thialf kinne folle goedkeaper, as it nij te bouwen iisstadion op It Hearrenfean duorsume maatregels fan de iisbaan yn Inzell oernimt. Dat docht bliken út in stúdzjereis fan it Fryske bougroep dat it nije Thialf bouwe wol. It giet om Van Wijnen, Friso Bouwgroep, Alynia Architecten en Ingenieursbureau Oranjewoud.

De iisbaan yn it Dútske Inzell stiet bekend as de duorsumste en enerzjysunichste fan de wrâld. Fral op it mêd fan klimaatbehearsking rinne de besparrings yn de tûzenen euro's.

Ald-wrâldkampioene Anni Friesinger is it fisitekaartsje fan de Fryske bedriuwen. Neffens Friesinger is de baan yn Inzell in foarbyld foar it nije Thialf.

Trefwurden: 
Thialf Inzell
(advertinsje)