Ferbouwing gerjochtshôf klear

It Gerjochtshôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Nei in yngripende renovaasje giet it Paleis fan Justysje yn Ljouwert takom jier wer iepen. Alle sittings fan it Hôf fine dan wer plak yn it gebou oan it Saailân. It gerjochtshôf wie sûnt de simmer sletten fanwege de renovaasje. Sa is de yntree folslein feroare, binne der twa nije sittingssealen boud, en is de brânfeiligens ferbettere. Boargemaster Fred Crone fan Ljouwert sil it Paleis op 21 desimber iepenje.