Vroeg op Stap-memmen hâlde op

Nei 5 jier, 120.000 hantekenings, prizen en ynternastjonaal omtinken hâlde de twa Vroeg-op-Stap memmen dermei op. Myriam Loonen en Hannie Gorter ha yn De Haach tongersdei it stokje oerdroegen oan ûnder oare keamerlid Joël Voordewind en de boargemaster fan Enkhuzen. It keppeljen fan 'e leeftyd oan tagongstiden yn 'e hoareka wurdt sjoen as it hichtepunt fan 'e Vroeg op Stap-aksje. Dat sil 2013 ynfierd wurde en dêrmei is it foar de twa Sigerwâldsters klear. Vroeg op Stap is bedoeld om jongerein earder op stap gean te litten.
Der wurdt neffens de froulje dan minder yndronken, de jongerein is fitter en dat soarget foar bettere prestaasjes.