CTO wol twadde 400-meterbaan

13 des 2012 - 15:07

De steaten moatte in twadde 400-meterbaan by iisstadion Thialf net samar ôfskriuwe. Dy oprop docht de stifting CTO, it sintrum foar topsport en ûnderwiis op It Hearrenfean. In twadde baan is fan grut belang foar de topsport. As dy der net komt kin dat grutte konsekwinsjes ha foar de takomst fan it CTO, sa warskôget direkteur Veldman. Oare stêden ha ek plannen foar de bou fan in topsport-iishal. De KNSB soe dêr dan nei útwike kinne mei de topsporters.

Veldman skriuwt yn in brief oan de steateleden graach meitinke te wollen oer de finansiering fan de topsportlokaasje. Woansdei nimme de steaten in beslút oer de nijbou fan Thialf. Sa't it no liket sil de provinsje 50 miljoen euro meibetelje oan de ferbou. Dat is net genôch foar in twadde 400-meterbaan.

Trefwurden: 
Thialf CTO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)