Hemmen fraachteken by Cambuur

13 des 2012 - 14:49

It is noch ûnwis oft Michiel Hemmen freed meidwaan kin by Cambuur tsjin Excelsior. De topskutter hat lêst fan de rêch. Martijn Barto is syn meast logyske ferfanger. Yuri Rose hat ek in blessuere oan de rêch, mar hy sit neffens assistint-trainer Henk de Jong wol by de seleksje. De Jong ferfong tongersdei by de training de sike Alfons Arts. De Jong giet der foarearst fanút dat de haadtrainer der by de wedstriid wer is.

Opstelling Cambuur: Telgenkamp, Droste, Bakens, Öztürk, V/d Laan, El Makrini, Bakker, Diemers, Schokker, Barto, Tighadouini.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)