Mear romte foar minimabelied

13 des 2012 - 12:33

Steatssiktaris Jetta Klijnsma fan sosjale saken jout de gemeentes wer mear romte om it eigen minimabelied te bepalen. It giet hjirby om saken as in gemeentepas foar sosjale minima en minsken mei in lyts ynkommen. Fan it foarige kabinet mochten gemeentes allinnich minsken helpe mei in ynkommen oant 110 persint fan it sosjaal minimum.

Klijnsma hat dat beslút woansdei weromdraaid. Gemeentes meie no sels wer bepale wa't se helpe. Wurdfierder Houkje Rypstra fan de Feriening Fryske Gemeentes is dêr bliid mei.

As minsken alle regelingen kwytreitsje as se in bytsje mear fertsjinje, bedarje se yn in saneamde 'earmoedefal', sa seit Rypstra. Sy bepleitet dêrom in 'staffel' foar minimabelied, om te foarkommen dat minsken dy't oan it wurk gean der finansjeel op achterútgeane. Rypstra ferwachtet dat in soad Fryske gemeentes op 'e nij nei de eigen regelingen sjen sille, no't it Ryk wer mear romte jout foar eigen belied. "De oanlieding foar de maatregel fan Klijnsma is it feit dat hieltiid mear minsken gebrûk meitsje fan sokke regelingen, en dat is fansels tryst. Mar it is goed dat de gemeentes no wer sels bepale kinne, wa't se helpe.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)